Ik wit net mear hoe't syn stimme is. Hy hie ek nea in soad wurden nedich. Dochs wie er dúdlik. Linen, paraboalen, fan alle libben ûntdiene abstraksjes belânen út it boek, fan it boerd, yn ús hollen, op ús proefwurkbledsjes. En dêr hie hy sûnder mis wat mei te krijen. Der kamen earst fiven en seizen doe't wy in oare dosint krigen yn de fjirde. 'Sorry,' seit in frou dy't my mei har koffer yn 'e hoksen rekket. It docht sear. Syn jas is as de pels fan in rôfdier op 'e strún: tûkjes bliuwe...
Westerlauwers Fries
|
3 uur 29 minuten (160 MB) |
Friese Pers Boekerij, Haarlem |
2010
Luisterboek (digitaal)