Marga Claus Bollman & Bollman
Luisterboek (digitaal)
Mei Bollman en Bollman stelt Marga Claus as earste it beladen ûnderwerp 'crossdressing' of travesty yn de Fryske literatuer oan 'e oarder. Fan Marga Claus ferskynden earder de dokumintêre romans Oxzana, De heit fan Serafyn en Lytse do. Mei Bollman & Bollman weaget se har foar it earst op it paad fan de fiksje. Yn dizze roman fertelt de skriuwster op yntime wize it oangripende ferhaal fan in man mei in grut geheim. As Yasper Bollman yn de syktewet bedarret en alle tiid hat om nei te tinken, spylje âlde fragen op dêr't er mar gjin antwurd op krijt. Wêrom hat er dy frjemde oanstriid, wêr komt it wei? As er kollega Alide syn geheim tabetrout, is dat de earste stap op in nije wei. Mar oft dat in wei fan befrijing wurdt... 'Ik fiel eangst by jo. In soad eangst. Kin dat klopje?' Hy fielt himsels ferstiivjen. Hjir komt er net foar. Gjin praat oer de binnenkant. 'Bin ik my net fan bewust.' [...] 'Mar it sit der wol. Ik fiel it. Wêr binne jo bang foar?' Hy hat it net yn 'e holle en praat oer syn problemen, oer syn geheim. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Anderen bekeken ook
-
Hein Jaap Hilarides
-
Wilco Berga
-
Kirstin Rozema
-
Langs de vloedlien van de winter
Suze Sanders