Rink van der Velde Feroaring fan lucht
It ferhaal fan Durk Snoad
Luisterboek (digitaal)
Wat hat derfoar soarge dat Feroaring fan lucht sa'n sukses wurden is? Yn de folksmûle hjit dit boek trouwens gewoan Durk Snoad, nei de bynamme fan de haadpersoan Durk Lugtigheid. Feroaring fan lucht is mei syn 32.000 ferkochte eksimplaren oan no ta it bêst ferkochte boek út de Fryske literatuer. Dat komt net allinne troch de humor, mar fral ek troch de haadpersoan Durk Snoad, in echte wâldpyk en natuerman fan in slach dat tsjintwurdich hurd seldsum wurdt. En sa by de noas lâns jout Rink van der Velde in ynkringend byld fan de feroarings yn it doarpke Drachten dat yn de sechtiger jierren útgroeide ta in echte 'boom town'. It boek wurdt foarlêzen troch in rasferteller Douwe Kootstra, dy't rûnom yn de provinsje in soad sukses hat mei syn optredens as ferteller fan folks- en oare ferhalen. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Anderen bekeken ook
-
Olav Mol
-
Oer Fryske literatuer 2000-2010
Hylke Tromp
-
Rob Bakker
-
Herman Pieter de Boer