Klaes Bruinsma Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma
E-book | voor telefoon of tabletpc of laptop
Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma is in bondel gedichten en sangen, byinoar garre troch Bruinsma sels. It grutste part fan de gedichten binne gelegenheitsgedichten fan syn eigen hân, benammen gedichten oer tsjerken. Dêrneist binne der bekende en mear ûnbekende gedichten fan oare auteurs, mei oersettings fan Bruinsma yn ferskate talen, en gedichten út oare talen, oerset yn it Frysk. Treflik binne ek de oersettings fan Aldfryske sangen. Klaas Bruinsma is ferneamd om syn oersettings yn byldzjend Frysk. Syn enoarme talenkennis yn kombinaasje mei lyryske talinten meitsje syn wurk ta in wichtich stik erfgoed foar it Fryske taalgebiet, mei syn eigen wurk as de peareltsjes yn de kroan. Klaas Bruinsma (*Easterein 1931) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen en krige twa kear de Obe Postmapriis. Bruinsma wurket út leafde foar de taal en út oertsjûging en idealisme foar Fryslân (syn eigen wurden). Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Anderen bekeken ook
-
W Cuperus
-
J.A.E Curtis
-
Jeroen den Uyl
-
It libben fan de hillige Martinus
Venantius Honorius Clementianus Fortunatus