Eize de Boer Monkeys dilemma
E-book | voor telefoon of tablete-readerpc of laptop
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net mei. Hy sjocht net heech by himsels op en wurdt oanhâldend pleage troch twifels. Gauris stiet er yn twastriid en dat liedt ta swierrichheden en frustraasjes. Foar syn frou Tanja en de beide bern is dat ek perfoarst net maklik. 'Monkey' is gjin held of heechdraver. Dochs is er wol in trochsetter, dy't echt wat kin. De tiid is dreech, mar hy wol graach wat moais fan it libben meitsje. Miskien kin dat syn rêding wurde? Eize de Boer (1951) waard berne yn Parregea, groeide op yn Snits en wennet no al goed fjirtich jier yn Tytsjerksteradiel. Earst wie er fyftjin jier automonteur, doe hast tritich jier freelance ferslachjouwer en letter noch sa'n fiif jier postbesoarger. Hy publisearre gedichten en ferhalen yn ûnder oaren Frysk en Frij, Friesch Dagblad, Leeuwarder Courant (Lyrische Courant), F-Side en streekblêd Actief. Yn 1989 ferskynde syn debútroman Op 'e flecht. Yn 1993 kaam Hoe kinst dat no rymje út, in bondel mei rymadvizen en foarbylden fan gelegenheidsgedichten. Yn 1999 seach It sicht is withoefier en 't eachweid grut it ljocht, in bondel mei fersen yn sonnetfoarm oer Fryske doarpen. Yn 'e twadde helte fan 2017 fûn er romte om wurk te meitsjen fan in plan: it skriuwen fan syn twadde roman Monkeys dilemma. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Anderen bekeken ook
-
Chantal de Boer
-
Sherryl Woods
-
Franz Kafka
-
Elizabeth Byler Younts