"Hilbrand en syn suske Fardou wenje wat isolearre op in pleats bûtenút. Har heit wol dat se mei sport grutbrocht wurde, har mem set se op it spoar fan de literatuer. It ferhaal wurdt ferteld troch Hilbrand. Heit en mem ha in minne relaasje en hy ûntdekt dat heit mei oare froulju omslacht. Sels rekket er fereale op syn suske. Hy pakt der mei om en kin neat skine litte. Allinne syn pake, dy't net mear prate kin, fertelt er it oan. As Fardou troch in tafal te witten komt wat hy foar har fielt, krije se in ferhâlding. De relaasje kin net geheim bliuwe en kriget in dramatyske ein. It ferhaal fan dizze ûnmooglike leafde spilet him ôf tsjin it treflik oproppen dekor fan de jeugdkultuer fan de santiger jierren. Swarte ingels kaam út yn 2004 en waard in jier letter bekroand mei de Fedde Schurerpriis, debútpriis fan de Provinsje Fryslân. In oersetting troch de auteur sels ferskynde ûnder de titel Zwarte engelen. De sjuery fan de Fedde Schurerpriis: `Fardou behearsket de sirtuaasje en Hilbrand lit him meislepe en is faak eangstich. Dy rolferdieling draacht tige by oan de kwaliteit fan de roman. (...) Yn psychologyske sin wurde Fardou en Hilbrand oertsjûgjend delset en de lêzer kin der in hiel ein yn meigean, hoe aaklik it ek is. Fan it begjin ôf leit der in `doem' oer it ferhaal, mar de útwurking is nuansearre, iepen en jout romte. (...) Wat de styl oangiet, Willem Schoorstra hat in grutte taalmacht en is in rasferteller. Hy skriuwt mei gong, effektyf, byldzjend, somtiden lyrysk, somtiden ek smaaklik.' In werútjefte fan Swarte ingels ferskynde yn 2010 yn de rige `Nije biblioteek'. Yn febrewaris en maart 2011 stie de titel sintraal yn de lêsbefoarderingsaksje `Fryslân lêst syn toppers'. Der kaam in nije edysje fan it boek, mei lytse korreksjes. Dizze útjefte is de fjirde edysje."
Versies
-
Swarte ingels
-
Swarte ingels
-
Swarte ingels
Anderen bekeken ook
-
Lulu Miller
-
Barbara Dunlop
-
Ellen Rink
-
Kate Hardy